HEY DO… koperblazer of slachwurker hast dit al lêzen???
Ergens op it Fryske plattelân stiet in stacaravan. Elts wykein hokket de jongerein hjir gear, ek Joke. Joke wurdt fereale op Romke, neat oan de hân soene je sizze. Allinne Romke is fan de rivaal-keet út it oare doarp, en dat kin net… Dochsto mei oan de muzikale bydrage fan dit ferhaal? Hoe soe dit ôfrinne??
Bisto de persoan dy’t wy sykje? Jou dy dan no op!
- fynst it cool om yn ien dei in foarstelling yn elkoar te setten…
- bist beskikber op sneon 20 febrewaris; 10.00 – 20.30 oere…
- spilest in koperblaas- of slachwurk ynstrumint…
- bist yn it besit fan minimaal in A diploma…
- bist tusken de 10 en 18 jier…
- wennest yn Fryslân…
De foarstelling is op 20 febrewaris om 19.30 oere yn ‘Us Gebouw’ yn Spannum.
Wy freegje €10,00 per dielnimmer, hjirfoar krijsto de hiele dei drinken, in waarm miel, in leuke en learsume dei en natuerlik in fette ûnderfining mei leeftiidsgenoaten en in brassband! Hasto noch fragen? Mail dan nei romkejoke@gmail.com.
De oanmeldingen binne ûntfongen!
We ha in fantastyske ploeg jongerein om sneon 20 febrewaris de musyk yn te studearen en út te fieren! Nijskjirrig nei it ferhaal fan Romke en Joke? Kom dan nei ús lústerjen om 19.30 oere yn Us Gebou yn Spannum. Oant letter!